Kollum: "Saparman Sodimejo en James Morris"

06 maaie 2017 - 10:51

"Grutte kâns dat jim net witte wa’t Saparman Sodimejo en James Morris wienen. Jim kinne ek net mear mei harren persoanlik yn de kunde komme, want se binne beide dizze wike ferstoarn. Mar se ha alle twa in bysûnder ferhaal dat ik jim net ûnthâlde wol.

Om mei Saparman Sodimejo te bejinnen: Hy wenne yn ien fan de eks koloanjes fan Nederlân, nammentlik Yndonezië. Wat wie der no sa apart oan dizze man dat ik it der op sneontemoarn oer ha? No, neffens syn geboarte-akte is hy berne op âldjiersdei yn it jier 1870. Hy is dizze wike weirekke, dêrmei soe de bêste man 146 jier âld wurden wêze. Mei rjocht fierwei de âldste man dy’t hjir ea op dizze wrâld omstapt hat, foarsafier’t wy witte. Mar syn leeftyd is omstriden.

It sit sa, de registraasje fan bern is yn Yndonezië pas yn it jier 1900 ynfierd. Doe wie Saparman dus al in jongkeardel fan tritich jier, as syn ferhaal doocht. Dêrom wurdt syn rekôr net erkend yn offisjele stikken fan de oerheid. Syn famylje leaude wol dat er de leeftyd hie dy’t op de akte stie, se setten 146 kearskes op in taart. Ik wit net oft er de puf noch hie om dy yn ien kear út te blazen, mar klear. Hoe dan ek, as er foar 1900 berne wêze soe, is er noch minstens 117 wurden. Ik tink net dat ik dat oprêde sil, as je my no freegje liket it my ek net echt leuk om sa freeslik âld te wurden. Saparman Sodimejo. Hoe âld er krekt wie, we sille it miskien nea witte. Mar hy hat it libben al libbe, om samar te sizzen.

Hoe grut is dan it kontrast mei James Morris út Skotlân. Dy stoar dizze wike op 75-jierrige leeftyd. Net âld, neffens de hjoeddeistige libbensferwachtings. Mar wat no as ik jim fertel dat James Morris fan dy 75 jier 54 jier yn it sikehûs lein hat? Dan wurdt it ferhaal al wer bysûnder. Hy krige as jongbaas in ûngemak mei in auto. Dat wie yn it jier 1962. Hy hie syn skonk brutsen, op himsels kin dat wol wer klear. Mar op de operaasjetafel krige er in hertstilstân en bedarre yn in koma. Dy koma duorre 54 jier lang, al dy tiid wie it sikehûs syn postadres.

Syn broer fertelde dat se nei ferrin fan tiid in wize fûn hienen om mei him yn kontakt te kommen. Hy wie der geastlik wol by, mar koe net mei harren kommunisearje. Se namen him faak mei op fakânsje en soms nei de pub, omdat er dêr graach oer mocht. 54 jier libje yn in koma, ik kin my by benadering net yntinke wat dat mei ien docht. It feit dat Morris troch famylje meinaam waard en dus op ien as oare wize genietsje koe, jout mar wer oan hoe hoeden je mei wetjouwing oer eutanasy omgean moatte. Maatwurk leverje liket my dan wol it biedwurd.

Samar twa manlju, yn deselde wike ferstoarn. Elts minske hat syn ferhaal en dat is meastal bysûnder, mar guon harren ferhaal is krekt wat mear as dat."

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)