Fan kowestront iten meitsje. It kin, tinkt in Fryske útfiner

06 maaie 2017 - 09:40

Mei in bysûnder prosedee moat it mooglik wêze om stront te brûken as feefoer. Dat seit útfiner en Fries om utens Willem Elsinga. Hy docht hjir yn gearwurking mei de Wageningen Universiteit ûndersyk nei. Elsinga kaam fan 'e wike yn it nijs mei syn fining om folle ruften te recycljen, troch se yn in soarte fan hegedrukpanne hjit te meitsjen. Datselde proses soe brûkt wurde kinne om út stront stoffen te winnen dy't yn it fretten foar it fee brûkber binne.

Snein tusken 11.00 en 12.00 oere yn Buro de Vries in wiidweidich petear mei Willem Elsinga.

Trefwurden: 
kowedong Willem Elsinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)