"Waadeilannen as gehiel promoatsje as fakânsjebestimming"

06 maaie 2017 - 08:54

De Waadeilannen moatte mear mei-inoar gearwurkje om toeristen te lûken. Dat seit Roelan Schroor fan de VVV Skylge. Ut ûndersyk docht bliken dat 34 persint fan de Nederlanners de Waadeilannen as gehiel sjocht as leuke fakânsjebestimming. Dêr soene de VVV's fan de eilannen op ynspylje moatte troch de krêften te bondeljen en sa mear toeristen nei it hiele Waadgebiet te lûken.

Oft der ynkoarten in mienskiplike kampanje fan de Waadeilannen komt, is noch ûnwis. Dy ôfwaging sille de VVV's de kommende tiid meitsje.

Saai

Earder waard bekend dat Skylge foar hast 60 persint fan de Nederlanners oantreklik is as koarte fakânsjebestimming, lykas in wykein of in midwike. Mar 32 persint fan de minsken jout oan Skylge foar langere tiid as fakânsjebestimming te sjen. Sy binne bang dat it eilân saai is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)