Elektryske auto yn Ljouwert fljocht yn brân ûnder it opladen

© GinoPress
In elektryske auto is freedtenacht op de Uilenburgstate yn Ljouwert ûnder it opladen yn de brân flein. De eigeners wiene net thús, mar buorlju warskôgen de brânwacht nei't se hurde knallen hearden. Nettsjinsteande dat de brânwacht der gau by wie, koene se de auto net rêde. De brânwacht wist wol foar te kommen dat in hûs tichteby de auto yn de brân fleach.