Frou wurdt net goed yn tsjokfolle trein

06 maaie 2017 - 08:03
Foto: Omrop Fryslân

Ferfierder Arriva hat freedtejûn in ekstra trein fan Grins nei Ljouwert ride litten, nei't reizgers yn de folle trein oan de needrem lutsen hiene. Passazjiers stiene sa ticht op mekoar dat in frou net goed waard en út de tiid rekke. Nei't oare reizgers oan de needrem lutsen hiene, giene de doarren iepen en kundige Arriva oan in ekstra stoptrein yn te setten.

Trefwurden: 
Arriva trein
(Advertinsje)
(Advertinsje)