Drokke jûn en nacht foar Ljouwerter plysje

06 maaie 2017 - 07:50

De plysje yn Ljouwert hat it freedtejûn en yn de nacht fan freed op sneon drok hân mei útgeanspublyk fan Befrijingsdei. In 16-jierrige jonge út Sint-Anne waard op it Aldehoustertsjerkhôf oantroffen wylst er swier ûnder ynfloed fan drank wie. Syn âlden hawwe de jonge fan it plysjeburo ophelle.

Yn in hoarekasaak oan it Ruterskertier is in 29-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't er in oare man mishannele hie. It slachtoffer is behannele troch meiwurkers fan de ambulânse.

Oare fjochterijen koene troch yngripen fan de plysje foarkaam wurde. Fierders hat de plysje minsken oanhâlden foar drugsbesit, it besit fan in mes, it oantreffen fan pepperspray en foar wyldpisjen.

Trefwurden: 
Befrijingsdei Ljouwert plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)