Hulshoff en Van de Streek teloarsteld oer ferlies by Ajax

SC Cambuur hat de lêste kompetysjewedstryd tsjin Jong Ajax ferlern mei 2-1. Foar Cambuurtrainer Sipke Hulshoff wie it ferlies wol wer even wennen, nei seis oerwinningen. Hy is net bliid mei de útslach, mar docht der wol syn foardiel mei. "Wy moatte hjir gewoan wer fan leare foar de play-offs. Jong Ajax is miskien wol de bêste ploech yn de Jupiler League."
Middenfjilder Sander van de Streek baalde stevich, flak nei ôfrin fan de wedstriid: "Verliezen is sowieso nooit leuk. We gingen vol voor die tweede plek, maar helaas mocht dat niet baten."
Erik Bakker hie minder muoite mei it ferlies yn de lêste wedstriid fan de kompetysje. "Het kwam niet heel hard aan. In de eerste helft hebben we wat dingen verkeerd gedaan, maar Jong Ajax is een goede ploeg dus daar kan je van verliezen."