Optreden Edwin Evers Band yn Snits útsteld, Evers is siik
It optreden fan de Edwin Evers Band dat dizze sneon yn Snits wêze soe, giet net troch. Radio-dj Edwin Evers is siik. It optreden is ferpleatst nei nije wike sneon, 13 maaie. Minsken dy't in kaart ha, kinne dy bewarje. De kaart bliuwt jildich. Wa't nije wike net nei Teäter Snits ta wol, kin it jild werom krije.