Befrijingsdei yn Ljouwert: kâld mar gesellich

Ljouwert hat freed in kâlde, mar gesellige Befrijingsdei belibbe. Der binne dit jier sa'n 65.000 minsken ôfkaam op it festival. Dat is flink wat minder as foarich jier, seit de organisaasje. It kâlde waar soe dêr de oarsaak foar wêze, mar ek de nuvere fakânsjesprieding. Guon skoallen ha de bern frij jûn, oaren wer net. Grutte ynsidinten ha har net foardien op it festival, al wie it Gouverneursplein in skoftke ôfsletten fanwege grutte drokte.
De dei begûn moarns mei it befrijingsbrochje op it Friesland College. Goed 350 minsken skoden oan tafel om lekker te iten en te praten. Bysûndere oarlochsferhalen gongen oer tafel. Oan it begjin fan de middei joech boargemaster Ferd Crone mei it oanstekken fan de fredesflam it startsein oan de festiviteiten. It befrijingsfjoer waard mei doedelsekmuzyk fan de Cape Breton Highlanders nei de Prinsetún brocht troch estafetterinners.
Dêrnei gong it befrijingsfestival los, mei aktiviteiten foar bern yn de Prinsetún en live-muzyk op ferskate lokaasjes yn it sintrum. Op it haadpoadium by de Aldehou wiene bands as Twarres, Mark Foggo, The Cool Quest en De Jeugd van Tegenwoordig te hearren en te sjen. De Jeugd wie ambassadeur fan de frijheid en waard mei in helikopter fan de loftmacht ynflein. Nei it optreden yn Ljouwert gongen se troch nei it befrijingsfestival yn Rotterdam.
Op it Noardewyn Live-poadium fan Omrop Fryslân op it Gouverneursplein wiene optredens fan ûnder oaren Elske DeWall, De Hûnekop en Gaatze Bosma. It plein waard middeis in skoft ôfsletten. It optreden fan De Hûnekop soarge derfoar dat der mear minsken op it plein stean woenen as ferantwurde wie. De organisaasje fan it befrijingsfestival advisearre de besikers om nei it haadpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf te gean.
It befrijingsfestival yn Ljouwert giet jûn noch oant tolve oere troch. Dat is in oere letter as by de foarige edysjes. De band Di-rect is de ôfsluter op it haadpoadium.