Wettersportferbûn hat krityk op digitale wetterkaarten ANWB

05 maaie 2017 - 20:20
Foto: Omrop Fryslân

De digitale wetterkaarten fan de ANWB binne net altyd by de tiid, en soms ûntbrekt der ynformaasje oer bygelyks fardjipten en betonning. Dat seit Rienk Broers fan it Wettersportferbûn. It bûn hat de situaasje oankaart by de ANWB, mar dy kin it sa gau net oplosse. Neffens de ANWB kostet it in protte tiid om ynformaasje te garjen en yn de digitale kaarten te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)