Oranjefamkes ûnder 17 wis fan heale finale EK

Yn de lêste minuten fan de wedstriid ha de fuotbalfamkes fan it Nederlânsk alvetal ûnder de 17 jier de twadde EK-wedstryd wûn. Tsjin Ingelân waard it 2-1. Dêrmei hat Nederlân him pleatst foar de heale finale.
Ien fan de famkes is Kerstin Casparij fan Hearrenfean. Se krige twa goeie kânsen, mar wist net te skoaren. Kommende moandei moatte de Oranjefamkes wer oan de bak, dan spylje se tsjin Ierlân.
It EK foar famkes ûnder de 17 wurdt alle jierren holden. Dit jier is it yn Tsjechië. Acht lannen dogge mei. De finale is op 14 maaie. Nederlân hat him ien kear earder kwalifisearre foar it EK ûnder de 17. Dat wie yn 2010.