Automobilist rydt yn op ferkearsregeler by deadebetinking
Yn Skarsterbrêge is tongersdei in automobilist op in ferkearsregeler en op publyk ynriden. Foar safier bekend is der nimmen ferwûne rekke. It ynsidint wie by de 4 maaie-betinking. De automobilist ried dêrnei troch, mar de buertplysje seit op Facebook dat yntusken dúdlik is om wa't it giet. De buertplysje hat ek kontakt hân mei de ferkearsregeler en dy makket it nei omstannichheden goed.