Bysûndere oarlochsferhalen: Wielenga flechte út wurkkamp

05 maaie 2017 - 18:05

Bysûndere oarlochsferhalen waarden ferteld by it befrijingsbrochje freedtemoarn op it Friesland College yn Ljouwert. Goed 350 minsken skoden oan tafel om lekker te iten. En te praten, want al wurdt de frijheid al 72 jier fierd, dochs binne de oarlochsferhalen noch altyd farsk. Afke Rienstra, oarspronklik fan Ternaard, kin har noch altyd goed heuge hoe't de Dútske soldaten nachts om trije oere op de ruten bonkten. "Se sochten myn broer, dy wie ûnderdûkt. We binne dêr doe sa fan skrokken. 'Rauss' rôpen de soldaten. Dat bliuwt my altyd by."

Twa dagen âlde poppe

Bysûnder is ek it ferhaal fan Hoppie Strampel-Speerstra. Se waard berne op 8 maaie 1940 yn Molkwar. "Ik wie noch mar twa dagen âld, doe't der in driging wie dat de brêge by ús opblaasd wurde soe. Mei myn âlden binne we op in beurtskip út Warns stapt en rjochting Heech fearn. Ek de dochter fan de brêgewachter, dy't doe noch mar krekt in wike âld wie, siet op dy boat. We hawwe doe in wike yn Heech sitten en binne doe wer werom nei hûs gien. De brêge wie yndie opblaasd."

"Dankbaar voor goede mensen"

Foar Lenie Ettema út Ljouwert hat 5 maaie altyd in dûbele betsjutting, want útsein dat Nederlân yn frijheid libbet, komme dochs ek altyd de werinnerings wer boppe. "Ik heb alles meegemaakt hier in Leeuwarden. Razzia, het deporteren van Joden en ook de bevrijding. Gelukkig waren er ook veel goede mensen in de oorlog en daar ben ik de mensen nog altijd dankbaar voor."

De ûntsnapping fan Herman Wielenga (90)

Dy goede minsken, dêr kin ek de 90-jierrige Herman Wielenga út Ljouwert in hiel boek fol oer skriuwe. Hy hat syn libben te tankjen oan in oantal minsken dy't him holpen hawwe, al kenden se him hielendal net. "Op 1 novimber 1944 waard der in grutte razzia holden yn Ljouwert. Hûnderten jongelju stienen op it Saailân. We wisten net wat der oan 'e hân wie." De manlju gean yn optocht nei it stasjon en moatte ynstappe yn wagons. Ien sei: "Neffens my gean we nei Drinte ta." De manlju bedarje yndie yn Drinte, dêr't se sliepe moatte yn it strie op in buorkerij. Moarns wurde se op de heide oan it wurk set. "We krigen allegear in skeppe en moasten 'tankfalle' grave, om der foar te soargjen dat de tanks fan de 'fijân' der net trochkoenen."

Dy earste dei sjocht Wielenga ek in hynder en wein foarby riden. "Der siet in man op mei in ierappelpûde oer de holle. Ek de twadde dei bart dat. "Wer soenen we oan it wurk en wer ried dy wein foarby." Dy dei wurdt Wielenga ôfgryslik hurd skopt troch de Dútsers. "Ik rûn net goed yn de maat."

Wielenga flechtet

It is 4 novimber 1944. It sil de tredde wurkdei wurde foar Wielenga. "En wer kaam dy boerekarre foarby riden. En foar't ik der erch yn hie, gong ik op dy wein sitten." Syn maten raze noch: "Wielenga, Wielenga, doch dat no net. Se sjitte dy noch dea." Wielenga bliuwt lykwols sitten. "En doe't we de kolonne foarby wienen, bin ik mar neist de koetsier sitten gien en luts ik ek mar in ierappelpûde oer de holle."

"Waar moet je heen", freget de koetsier.

"Naar Leeuwarden", seit Wielenga.

"Zo ver ga ik niet", seit de koetsier wer. "Ik breng je naar de Stânfries."

De koetsier warskôget dat der in kontrôle oan sit te kommen. "We kamen by de poarte', fertelt Wielenga. "Se kontrolearren, seagen nochris goed, doe ûnder de wein en doe seinen de Dútsers 'durch gehen, weiter gehen'."

Flecht diel 2

Yn Grinslân oankaam regelet de koetsier de folgjende lift foar Wielenga. "By de Stânfries leinen skippen dy't nei Fryslân farre soenen. De koetsier rôp nei in kapitein dat er in klant foar him hie." Wielenga stapt oan board en de kapitein iepenet in lûk. "Ik moast yn 'e hoeke sitten gean en neat sizze." De kapitein stoppet him wat bôle ta en komt dêrnei werom om Wielenga te warskôgjen foar opnij in kontrôle. "Beweeg je niet en zeg niets", hjitte de kapitein my. Ik hearde de learzens op it dek. It lûk gie iepen en ik seach in holle ferskinen. En doe gie it lûk ek wer ticht. Wielenga wurdt der by it Kondensfabryk yn Ljouwert út set. "Ik bin doe nei hûs rûn op de Nieuweburen. Us mem krige hast in hertferlamming doe't se my stean seach." Wielenga is lykwols noch net feilich. "Us heit siet by de plysje. Op de oerloop helle hy in stik út 'e flier en makke der in lûk yn. Dêr moast ik nachts sliepe."

"De fijân beskerme my"

Yn de buert wie in âld pakhûs dêr't earder twa Joaden wennen. No wie it lykwols troch twa Dútsers bewenne. "It wienen twa goede Dútsers, Alwin Windel en Ernst Rolke hjitten se." Oerdeis bringt Wielenga dêr de dei troch. Wat kofje drinke en skake. "Op in dei seinen de Dútsers dat hy him ferstopje moat op souder. "Der wie wer in razzia en de Dútsers kamen yn it pakhûs. Doe't se wer fuort wienen koe ik wer werom komme. De fijân beskerme my tsjin de fijân."

De twa Dútske manlju wolle Wielenga leauwe litte dat de Führer hieltyd mear terrein wint. "Mar ik wist wol better", seit Wielenga. "Ik hie stikem in radio en harke nei Radio Oranje." Hy sjongt in stikje fan de voicetune. "En dêr waard sein dat de fijân hieltyd mear terrein ferlear."

De twa Dútsers nimme ôfskied. "En doe wie it stil yn Ljouwert. It wie in ûnheilspellende stilte. Doe gie by ús thús de brântelefoan, want ús heit siet by de plysje." Wielenga's heit krijt in melding dat der in grutte brân is by it Oldeburger Weeshuis. "Dêr wienen alle gegevens fan de Dútsers opslein. Op de Bleeklaan sjocht Wielenga dat de read-wyt-blauwe flagen úthingje. "En doe rûn ik nei de Grinzerstrjitwei ta en dêr wie it swart fan de minsken. De alliearden kamen der oan yn tanks."

Wielenga kin noch folle mear ferhalen fertelle, bygelyks oer de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't hy fan 1948 oant 1950 fjochte yn it Koninklijk Nederlandsch-Indisch Leger tsjin de Japanske troepen. "Mar hjir wol ik it earst by litte. Wat bin ik gelokkich dat ik der sa trochhinne kaam bin, want it hie wol hiel oars rinne kind," beslút Wielenga.

(Advertinsje)
(Advertinsje)