Hearrenfean wol tsjin PEC Zwolle play-offs feilich stelle

SC Hearrenfean wol snein tsjin PEC Zwolle dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal feilich stelle. By winst op PEC is Hearrenfean definityf wis fan dielname oan de play-offs en dat wie oan it begjin fan dit seizoen de doelstelling. "Laten we hopen dat we het halen en dat we voor een stuntje kunnen zorgen. Want halen is leuk, maar dan wil je ook iets bereiken", sa sei trainer Jurgen Streppel.
Stijn Schaars hat freed de training earder ferlitten en hat net meidien oan it partyspul. "Ik doe dit uit voorzorg en wil geen risico's nemen", sa sei de middenfjilder. Streppel giet der fanút dat Schaars tsjin PEC ynsetber is. "Als Stijn fit is dan is hij onomstreden!"
It liket derop dat Arber Zeneli syn rentree makket yn de basis. Martin Odegaard hat lêst fan syn ankel en stie freed foar it earst op it trainingsfjild. De Noar is in twifelgefal.