Opnij agressive Ingelske klussers aktyf yn East-Fryslân

05 maaie 2017 - 16:56

De plysje East-Fryslân warskôget opnij foar Ingelsk pratende manlju dy't alderhande tsjinsten oanbiede, mar dêr nei ôfrin tefolle jild foar freegje. Der binne freedtemoarn nije meldings út Boarnburgum kaam. It giet om klussen yn de tún en it asfaltearjen fan opritten. De manlju freegje earst in lyts bedrach, mar as it wurk dien is, wurdt in folle heger bedrach easke. Minsken dy't net betelje wolle, wurde bedrige. Boppedat is de kwaliteit fan it wurk net goed, sa seit de plysje.

De plysje warskôget tagelyk campingeigeners om weromhâldend te wêzen by it bieden fan ûnderdak oan de groep Ingelsken. Dy lûkt fan de iene camping nei de oare en soarget faak foar problemen mei it beteljen. Minsken dy de saak net fertrouwe, wurde oproppen om kentekens op te skriuwen en foto's te meitsjen en dy gegevens troch te jaan oan de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)