Plein Noardewynpoadium ôfsletten fanwege drokte

05 maaie 2017 - 16:41

De organisaasje fan it befrijingsfestival yn Ljouwert warskôge freedtemiddei dat it smoardrok wie op it Gouverneursplein by it poadium fan Noardewyn Live en dat der gjin minsken mear by koene. It plein waard ôfsletten. Neffens de organisaasje wie der noch wol plak by it haadpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf.

Op it poadium fan Noardewyn Live binne de hiele dei optredens fan ûnder oaren Elske DeWall, De Hûnekop en Gaatze Bosma. It is foar it earst dat it Omrop Fryslân-poadium op it Gouverneursplein stiet. Earder wie it te finen by de Wissesdwinger. De optredens gean troch oant 21.00 oere.

It konsert is oant 21:00 oere te sjen, live op omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)