Kowetún by Ljouwert: dizze simmer kinne de earste kij deryn

05 maaie 2017 - 16:32

De kowetún fan de Tamminga's by Ljouwert krijt hieltyd mear stal. Al jierren is maatskippij Tamminga dwaande mei it idee fan de kowetún. De stâl stiet der no einlik. De flier moat der noch wol yn en dan sille dizze simmer de earste kij der omskarrelje. In kowetún is in stâl dy't bûten nei binnen hellet, mei in flier dy't oanfielt as gers. Beammen dêr't de kij yn it skaad stean kinne, mar ek in hiel soad ljocht. De stâl kostet de ko in stik mear, mar it kin wol út, tinkt Anke Tamminga. It idee is dat de kij troch al dit ferpopkjen langer en mear molke jouwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)