Fragen oer brêge Van Harinxmakanaal by Dronryp

05 maaie 2017 - 15:25

De steatefraksje fan GrienLinks hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de takomstige situaasje by de brêge oer it Van Harinxmakanaal by Dronryp. De partij wiist it kolleezje derop dat de minsken út Dronryp takom jier net oer it kanaal kinne en dêrom in hiel stik omride moatte. Ek soe der troch de omlieding in soad frachtferkear troch it doarp komme.

Der komt wol in tydlike brêge oer it Van Harinxmakanaal, mar auto's en trekkers kinne dêr net oerhinne. Omride fia de oare brêgen kostet de ynwenners goed in healoere ekstra reistiid. De fraksje ropt Deputearre Steaten dan ek op gau mei in oplossing te kommen.

Fraksjefoarsitter Retze van der Honing fan GrienLinks: "De minsken út Dronryp moatte aanst 25 kilometer omride troch it wurk oan de brêge oer it kanaal. Wy fine dat Deputearre Steaten sjen moat nei in oplossing foar de problemen dy't dêrtroch ûntstean."

Doarpsbelang fan Dronryp hie leaver sjoen dat der in tydlike brêge komme soe, dêr't ek auto's oerhinne ride kinne. Dit seit foarsitter Klaas Koopmans fan it doarpsbelang. Hy hat yn petear west mei deputearre Sietske Poepjes, mar dat hat neat opsmiten. As it wurk úteinset, moatte bestjoerders in jier lang 16 kilometer omride om oan de oare kant fan it wetter te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)