''Blikstiender, dat moatte we hjir mar net ha!''

05 maaie 2017 - 12:56

It is hjoed 5 maaie, mar falt der ek wat te fieren? Op de Ljouwerter freedsmerk fûnen de measten fan wol: "Asto sjochst nei wat der yn in soad oare lannen bart, dan sis ik: blikstiender, dat moatte we hjir mar net ha''. In frou dy't yn Dútslân berne is, fertelde dat se har eins altyd skuldich field hat, wylst se der neat mei te krijen hie. Oaren hienen noch persoanlike werinnerings oan de dei fan de befrijing: ''Ik sjoch se noch by de Grinzerstrjitwei de stêd yn riden. Dat wie wat!'' Mar de fiering fan 5 maaie ropt ek fragen op: ''Wêrom moatte alle amtners frij, wylst de gewoane man al oan it wurk moat? Ik fyn, allegearre frij, of allegearre oan it wurk.'' Ien stel fiert dizze dei wol, mar hiel beskieden: ''Ik ha twa stikjes apeltaart út de friezer helle en dêr dogge we daliks wat slachrjemme op. Lekker!''

(advertinsje)
(advertinsje)