Skylge oantreklik as koarte fakânsjebestimming

Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Skylge is foar hast 60 prosint fan de Nederlanners oantreklik as koarte fakânsjebestimming, lykas in wykein of in midwike. Mar 32 prosint fan de minsken jout oan Skylge foar langere tiid as fakânsjebestimming te sjen. De lange reistiid, it klimaat en de lytsskaligens binne de minder leuke kanten fan it eilân, sa jouwe in soad minsken oan. Se binne bang dat it eilân saai is. Minsken dy't op it eilân west hawwe, wurdearje benammen de gastfrijheid, gesellichheid en it autentike fan it eilân.
It eilân ûnderskiedt him mei de fjoertoer Brandaris, Oerol en sjonger Hessel fan de oare eilannen. Goed twa fan de trije besikers soe it eilân nochris besykje wolle. Dit docht bliken út ûndersyk ûnder twatûzen minsken troch it bedriuw Right Marktonderzoek. De VVV op Skylge sil de útkomsten brûke foar toeristysk belied.