Guon aktiviteiten Kulturele Haadstêd fine bûten Fryslân plak
Guon aktiviteiten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 sille net yn Fryslân plak fine. Bygelyks it projekt 'Waste-No Waste', dêr't ûnder oare keunstner Claudy Jongstra by behelle is, sil te sjen wêze yn it âlde Suikerunie-fabryk yn Grins. Op dat plak kinne mear toeristen komme as by Jongstra thús: in pleatske yn Húns en har studio yn Spannum.
Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert is dêr bliid mei, ek al krijt Jongstra fan Kulturele Haadstêd 750.000 euro subsydzje. It is neffens Feitsma krekt de bedoeling dat yn it kulturele haadstêdjier ek yn de oare noardlike provinsje in soad te sjen wêze sil. As der yn Grinslân of Drinte ek wat te dwaan is, bliuwe toeristen langer, tinkt Feitsma. Sa kinne de provinsjes fan harren oanbod profitearje. Mei in sprieding fan kulturele aktiviteiten smyt dat foar it hiele Noarden mear besikers op.
Oanbod ôfstimme
Musea, konsertsealen en oare kulturele sintra yn it Noarden binne al langer dwaande it oanbod op inoar ôf te stimmen. De oerheid wol dêryn meigean. Begjin dit jier hawwe de bestjoerders fan de trije noardlike provinsjes mei minister Bussemaker fan OCW in kultuerkonvenant ôfpraat. It doel is mear gearwurking en minder konkurrinsje. Foar it programma 'We the North' is 2,4 miljoen euro beskikber. Dat jild giet nei bygelyks talintûntwikkeling en kultueredukaasje.