Slim ûngelok op A7 mei bus

25 okt 2011 - 18:05

Fjouwer minsken út Fryske Peallen binne tiisdeitejûn ferwûne rekke by in swiere oanriding tusken in auto en in bus. Ien fan harren is der min oan ta. It giet om de ynsittenden fan in auto dy't fan achter oanriden is troch in bus. It ûngelok gebeurde op de A7 by Drachten. In lijnbus fan Qbuzz ried dêr achterop it stadige ferkear. De sneldyk hat in skoft ôfsletten west foar ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok bus A7 Fryske Peallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)