Gjin wetter út de kraan: steuring yn it westen fan Fryslân
Op meardere plakken yn Fryslân komt op dit stuit gjin wetter út de kraan. Der komme ûnder oare meldingen út Makkum, Wûns en Wytmarsum. Wat de oarsaak fan de stoaring is, is net bekend.
Neffens de webside fan wetterbedriuw Vitens soe it probleem tsjin trijen wer foarby wêze moatte.