Folslein elektryske frachtwein yn gebrûk by Boonstra

05 maaie 2017 - 09:55

Transportbedriuw Boonstra út Haulerwyk hat freed in folslein elektryske frachtwein yn gebrûk naam. Dy kin 44 ton oan fracht lûke en dat is unyk. De frachtwein hie eins al sûnt maart ferline jier ride moatten, mar troch leveringsproblemen slagge dat net. De elektryske frachtwein hat in berik fan 130 kilometer en wurdt ynset yn de binnenstêd fan Grins. De maksimale snelheid is sechstich kilometer yn de oere.

Op 27 maaie wurdt de frachtauto offisjeel presintearre op de iepen dei by Boonstra. Tema is dan duorsumens. It transportbedriuw hat lêsten in magazyn yn gebrûk naam wêrby't sinnepanielen en ierdwaarmte brûkt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)