Deadebetinking: Fryslân stiet stil by oarlochsslachtoffers

04 maaie 2017 - 21:29

Yn it hiele lân is tongersdeitejûn stilstien by de slachtoffers fan de oarloch. En ek yn Fryslân wiene der tsientallen betinkingen ferspraat oer de hiele provinsje. Hjirûnder in kompilaasje fan taspraken fan de boargemasters fan ferskate gemeenten en bylden troch minsken dy't der by wiene.

Yn de Prinsetún yn Ljouwert wie de provinsjale betinking. Dêr spruts boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert: "Vrijheid wordt nooit vanzelfsprekend. We moeten er met z'n allen voor waken en vechten. Net als onze ouders en grootouders hebben gedaan. Zij wisten het: vrijheid is ons grootste bezit. En velen van hen waren bereid om daar het hoogste offer voor te brengen."

Yn Snits spruts boargemaster Hayo Apotheker. Hy neamde de nammen fan de Joaden dy't út Snits fuortfierd binne nei de kampen en nea weromkamen. Hy hie it yn syn taspraak ek oer de flechtingen dy't nei ús lân komme: "Mensen op de vlucht voor terreur moeten we helpen. Mensen en groepen met een andere achtergrond die een nieuw bestaan willen opbouwen moeten we steunen. En mee samenleven. Een krachtige samenleving kan dat. Dat kon vroeger en dus ook nu. En dat doen we ook. En daar gaan we mee door. Maar we vergeten nooit."

Ek yn Harns waard stilstien by de oarlochsslachtoffers. Boargemaster Roel Sluiter hold dêr in taspraak.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan wie by de betinking op It Hearrenfean. Hy helle it persoanlike ferhaal fan syn mem oan: "Ik koester de verhalen van mijn moeder, die mij vertelde over haar tijd in het Jappenkamp in het toenmalig Nederlands-Indië. En daarom geef ik die verhalen ook weer door aan mijn kinderen. Want zoals een Joodse uitdrukking bij het gebed voor de overledenen luidt: "Zolang wij ze blijven herdenken, blijven ze leven. Pas als we niet meer aan ze denken, zijn ze er ook echt niet meer."

Yn de Groate Kerk yn Sint-Jabik stie boargemaster Gerrit Krol foar de lêste kear as boargemaster fan It Bilt stil by de oarlochsslachtoffers. Mar it ferdwinen fan syn gemeente betsjut neffens him net dat de betinking yn de Groate Kerk ferdwine sil. Dy moat bliuwe, sa sei hy. En hy fertelde it ferhaal fan Jan Kaper, dy't de hiele oarloch aktyf wie yn it ferset en op de dei fan de befrijing by Ikkerwâlde deasketten waard. Nei ôfrin fan de krânslizzing waard ek in momint stilstien by it grêf fan Jan Kaper.

Net allinnich yn de grutte plakken waarden der betinkingen hâlden. Ek yn lytsere doarpen, sa as Wurdum en Himmelum wie it twa minuten stil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)