Striid tusken buorlju: kontaktferbod foar heit en soan

04 maaie 2017 - 20:37

In heit (69) en soan (39) út Hallum meie gjin inkeld kontakt mear sykje mei harren buorlju oan de Memerdastate. As se dat wol dogge, dan giet de heit trije moanne de sel yn en krijt de soan 100 oeren wurkstraf. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. De buorlju diene oanjefte fanwege stalking, bedriging, mishanneling en fernieling troch de fertochten. Sa hie de heit in kamera pleatst dy't 24 oeren deis rjochte wie op it hiem fan de buorlju.

Skeppe en bile

It konflikt duorret al sûnt 2009. De ergernissen begongen doe oer de salon fan de buorfrou, dy wie neffens de fertochten langer iepen as dat mocht. Dêrnei gie it fan ynsidint nei ynsidint. Yn april 2014 soe de buorman de âldste fertochte mei in skeppe te liif gien wêze, mar yn dy saak folge frijspraak. Yn april 2015 soe de soan de buorman mei in bile bedrige ha. 

Loopgraven

Neffens de rjochter jouwe de buorlju elkoar net in sintimeter romte. Hy advisearre de oanklagers dan ek om gjin skeafergoeding te easkjen, omdat dat allinnich mar oalje op it fjoer wêze soe. 'Ik zie tegenover mij strak staande koppen die in de loopgraven zitten', sketste de rjochter. De útspraak gie fuortendaliks yn en dat jilde dus ek foar it kontaktferbod.

(advertinsje)