Frjentsjer earet Jacobus van Andel mei eigen kuierpaad

De eardere genêshear-direkteur fan it psychiatrysk sikehûs fan Frjentsjer Jacobus van Andel is tongersdei eare mei in eigen kuierpaad. Van Andel wie direkteur yn de oarlochsjierren en hat in bysûndere bydrage levere om pasjinten en ûnderdûkers út hannen fan de besetter te hâlden. "Een baken van hoop", sa typearre boargemaster Eduard van Zuilen de persoan Van Andel. "Een man die door ons ook niet voor niets al werd uitgekozen als naamgever van het voor ons belangrijke onderdeel ouderenpsychiatrie", sa heakke Adriaan Jansen, bestjoersfoarsitter fan GGZ Friesland dêr oan ta.
Fernijer en rêder
Van Andel fong mei syn stêf yn de oarloch 5000 minsken op. Mei de tunen en de keuken fan it eardere Groot Lankum soarge hy der boppedat foar dat de befolking fan Frjentsjer gjin honger hoegden te lijen. Dêrneist hold hy fia de tuberkuloaze-ôfdieling in soad Joadske ûnderdûkers út hannen fan de besetter. Dit en syn betsjutting as fernijer binnen de psychiatry - mear each foar deibesteging en foar de minske achter de pasjint - hat laat ta in mienskiplik inisjatyf fan Van Andel âlderepsychiatry, GGZ Friesland en de gemeente Frjentsjerteradiel: de 'Van Andel-wandelroute'. De tocht fan twa kilometer lei Van Andel tusken 1935 en 1950 hast alle dagen ôf.
Wa wie Jacobus van Andel?
Jacobus van Andel waard berne op 20 febrewaris 1890 yn Gorkum. Hy troude earst mei Olga van Ripke, mei har krige hy twa bern. Doe't sy stoarn wie, is hy wer troud, mei Wilhelmina Mulder. Van Andel is stoarn op 1 augustus 1979 yn in ferpleechhûs yn Ewijk. Yn Frjentsjer is ek in strjitte nei him en syn earste frou neamd: de Van Andel-Ripkestrjitte.