FIDEO: Dirk van der Meulen (37) kin net sûnder syn jeeps

04 maaie 2017 - 17:47

Dirk van der Meulen (37) stie as lyts jonkje op Befrijingsdei altyd al mei heit en mem by de dyk as de kolonnes âlde legerweinen del kamen. Dat makke grutte yndruk op de lytse Dirk. Al mear as 15 jier sammelet er no al âld legerreau. Hy hat fiif jeeps, twa trucks, in amfibyfoertúch, en in oanhinger.

Van der Meulen wol it ferhaal fan de befrijing fertellen bliuwe. "It is wichtch," seit er, "foar ús bern ek." Dêrom rydt er mei de organisaasje Keep them Rolling op seis maaie yn âlde klean en yn âlde auto's troch in part fan Fryslân hinne. Dit jier is dat it noardlik part.

In pear jier lyn is Van der Meulen mei syn kompanen yn in pear jeeps nei Normandië riden. "Sa yndrukwekkend, alle tsjúgen lizze dêr noch. Dy mannen wienen 18 jier. It rekket my bot, wat sy foar ús dien ha."

(Advertinsje)
(Advertinsje)