Jonge fuotballer Kik Pierie begjint goed op EK ûnder 17

04 maaie 2017 - 16:40
De 16-jierrige Kik Pierie spilet by SC Hearrenfean - Foto: AWfoto.nl

Kik Pierie fan Ljouwert hat mei Oranje ûnder de 17 jier in goede start makke op it EK fuotbal. De earste wedstriid waard mei 1-0 wûn fan Oekraïne. Pierie spile de folsleine njoggentich minuten mei. De ferdigener, dy't gewoanwei aktyf is foar SC Hearrenfean, liet him ek oanfallend sjen. Hy stie in pear kear oan de basis fan in oanfal.

Snein spilet Oranje ûnder 17 de folgjende wedstriid yn de groepsfaze. Dan is Noarwegen de tsjinstanner. De lêste wedstriid wurdt woansdei spile tsjin Ingelân.

Trefwurden: 
Kik Pierie fuotbal EK ûnder 17
(advertinsje)
(advertinsje)