Drachtster krijt twa jier sel foar wenningoerfal De Pein

© Sicco Riedstra
In 21-jierrige Drachtster hat twa jier sel en in jier ûnder betingst krigen foar in wenningoerfal, ferline jier oktober yn De Pein. De straf komt oerien mei de eask fan de offisier fan justysje. Mei syn twillingbroer makke de man him skuldich oan in grut tal strafbere feiten.

Geweld

De oerfal op de wenning wie de meast gewelddiedige. Se tochten dat der weed wie yn it hûs, mar waarden betrape troch de bewenster. De bruorren sleepten de frou mei geweld har hûs yn en hâlden har dêr fêst. Doe't se neat fûnen, naaiden se út. De frou hat deadseangsten útstien en in posttraumatysk stresssyndroom ûntwikkele.
Mishanneling, ynbraak en stellerij
De bruorren ha fierder ferskate ynbraken en stellerijen dien. Ek fernielden se húsried by harren mem en mishannelen har partner. Ferline simmer mishannelen se in bestjoerder fan in bestelbus op de Wâldwei, nei't der spul ûntstie oer in ynhelmanoeuvre. De frou en bern fan de bestjoerder wiene tsjûge fan de mishanneling.
Ankelbân
De twillingbroer fan de Drachtster waard noch net feroardiele. Der wurdt wachte op rapporten fan in psycholooch en de reklassearring. In part fan syn saak is al behannele, mar op 3 july wurdt it restant behannele. Hy is wol ûnder tafersjoch fan de reklassearring pleatst. De man moat him behannelje litte en meidwaan oan in anty-agresjetraining. Ek krijt er in healjier in ankelbân om.