Nei 77 jier krijt Fryske famylje soldateplaatsje werom

04 maaie 2017 - 16:30

Klaas Idzerda fan De Tynje sneuvele op 13 maaie 1940 by de Grebbeberch. Hy wie doe krekt 20 jier âld. Op De Tynje stiet in betinkstien mei syn namme en dy fan doarpsgenoat Jeen Jeninga, dy't ek sneuvele op de Grebbeberch.

Ein ferline jier fûn Rick Carnas út Heerhugowaard yn de dunen by Egmond aan Zee de helte fan it nammeplaatsje fan soldaat Klaas Idzerda. Hy spoarde de famylje op. Tongersdei hat er it nammeplaatsje oerdroegen oan de neven en nichten fan Klaas Idzerda.

Behalve it plaatsje fûn Carnas ek in leppel, mei de inisjalen fan Klaas Idzerda deryn. De famylje is hiel bliid mei de fynst en ek Carnas fynt it hiel bysûnder om de famylje wat taastbers jaan te kinnen fan harren sneuvele omke.

Omkesizzer en nammegenoat Klaas Idzerda hopet dat de fynst oerdroegen wurde kin oan it fersetsmuseum, mar dêr is de famylje noch net hielendal oer út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)