Definityf gjin nije dyk tusken Surhústerfean en A7

04 maaie 2017 - 16:05

De N358, better bekend as De Skieding, wurdt oanpakt. Dat hat de provinsje bekend makke. Om de trochstreaming en feiligens te ferbetterjen wurde krúspunten fernijd, komme der ovondes, wurde der foarsortearfakken oanlein en ferdwynt in tal ôfslaggen.

Nei ûndersyk konkludearret de provinsje dat it ferbetterjen fan de besteande dyk goedkeaper is as it oanlizzen fan in nije dyk. Tsjin dat lêste plan wie ek de nedige tsjinstân.

It ferbetterjen fan de besteande dyk is noch wol in foarstel. Op 21 juny moatte Provinsjale Steaten dêr in beslút oer nimme. De maksimumsnelheid bliuwt ek nei de oanpassing op 80 kilometer yn de oere stean.

Trefwurden: 
skieding N385 ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)