Nije wittenskipspriis giet nei jonge taalûndersykster

It Akademygebou fan de Ryksuniversiteit yn Grins © Delphinidaesy
Evelyn Bosma hat de earste Wetenschapsprijs Campus Fryslân wûn. Dat is in oanmoedigingspriis foar jonge, aktive wittenskippers dy't fernijend ûndersyk dogge.
Bosma sil meikoarten promovearje op har ûndersyk nei de effekten fan twataligens by Fryske bern. Se hat trije jier lang twatalige learlingen tusken de fiif en acht jier test. Dêrmei hat se nije ferbannen nei boppe helle oer hoe't it Frysk en it Nederlânsk elkoar beynfloedzje.
De priis sil tenei om it jier útrikt wurde. By de priis heart in jildbedrach fan 10.000 euro. Achttûzen dêrfan is foar it ûndersyk, de oare twatûzen is foar de ûndersiker sels.