Plysje siket fernielers fan merke-attraksjes
De plysje fan Dokkum siket tsjûgen fan fernielerij fan merke-attraksjes. Dat is bard yn de nacht fan sneon op snein ferline wykein. De attraksjes stiene op parkearterrein De Helling yn Dokkum. Wa't wat sjoen of heard hat, wurdt frege dat te melden by de plysje.