Willem de Vries: "Lit Doutzen Kroes mar delkomme op 5 maaie"

It wurdt sa stadichoan tradysje, Noardewyn Live mei in eigen poadium mei live muzyk op it ‘befrijingsfestival’ yn Ljouwert. No grutter as ea; mei optredens fan ûnder oaren Elske DeWall, Vangrail en de Hûnekop, it Gouveneursplein as nije lokaasje en foar it earst giet it feest jûns troch. De presintaasje leit yn hannen fan Noardewyn Live presintator Willem de Vries. Wy lizze him en de artysten fiif fragen foar.
Wat betsjut frijheid foar jimme?
Willem: “Foar my is frijheid datst sizze kinst watst sizze wolst, leauwe kinst watst leauwe wolst en dwaan kinst watst dwaan wolst. Allegear sûnder in oar dêrmei te beheinen yn syn of har frijheid.”
Sander de Groot, drummer fan Vangrail: “Frijheid betsjut foar ús dat wy dwaan en litte kinne wat wy wolle, mar dat wy wol beseffe moatte dat dat eins hielendal net fanselssprekkend is. Wy fine it hiel belangryk dat by dy frijheid stilstien wurdt mar ek dat wy dy dei derfoar betinke.”
Hokker boadskip wolle jimme op Befrijingsdei oan de minsken meijaan?
Willem: “Troch in ferskaat oan artysten en muzykstilen op ien poadium te programmearjen besykje wy alle ferskillen dy’t der tusken minsken besteane, foar ien dei fuort te heljen. As wy dat mei elkoar foar elkoar krije op 5 maaie, dat soe geweldich wêze.”
Emiel, sjonger fan de Hûnekop: “De Hûnekop hat gjin boadskip. Der binne genôch minsken mei in sterke miening dy’t dat te pas en te ûnpas fentilearje. Dêr dogge wy net oan mei. Wy fiere gewoan feest dy dei.”
Hokker nûmer stiet foar frijheid neffens jimme en moat dus spile wurde?
Willem: “Dat moat dan wurde: I did it my way fan Sid Vicious. Ik bin benijd hokker fan de artysten it oandoart dat te spyljen.”
Emiel, sjonger fan de Hûnekop: “Jappie Kommando, haha folgjende fraach.”
Wilt, kontrabassist by Irish Stew: “Foar ús is dat ús eigen nûmer ‘De oudste stapper van de stad’. Hoe âld ast ek bist, kinst altyd gean en stean wêr’tst wolst. Dat heart wol by Befrijingsdei of net dan?”
Hokker bekende Fries wolle jimme graach tusken it publyk sjen?
Willem: “Lit Doutzen Kroes mar by it Noardewyn poadium delkomme. Sy is in wâldpyk lykas ik, it programma moat har wol oansprekke haha!”
Wilt, kontrabassist by Irish Stew: “Doutzen Kroes, dat is net sa’n gek idee fan Willem! Ik haw har noch les jûn doe’t sy jong wie en ik haw har al sa lang net sjoen. Dus sy mei wol wer even nei Ljouwert komme!”
Emiel, sjonger fan de Hûnekop: “It makket ús net út oft minsken bekend binne of net. As dat plein mar fol stiet op 5 maaie!”
Wêrom is it Noardewyn Live poadium ‘leuker’ as de oare poadia?
Willem: “Eins moat ik no sizze dat ik it hjir mei iens bin of net? Mar earlik sein fyn ik alle poadia leuk. Wy dogge it mei syn allen!”
Raynaud, sjonger fan Vangrail: “Op dy fraach is mar ien antwurd mooglik: om’t wy dêr steane fansels! Dus kom allegear nei it Gouveneursplein op 5 maaie, in prachtige spiksplinternije lokaasje op in fantastysk festival. Wy hoopje jimme allegear te sjen!”
Emiel, sjonger fan de Hûnekop: “Om’t de Hûnekop dêr spilet fansels, dat is it aldermoaiste feest fan de dei!”
It Noardewyn Live poadium is te finen op it Gouveneursplein yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 16.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it op it plein en de livestream gewoan troch.
Sjoch foar de eksakte tiden en line-up op: Omropfryslan.nl/noardewyn.