Amelanner polityk knoffelet troch koälysjefoarming

04 maaie 2017 - 14:02

It wurdt dreech om in nije koälysje te foarmjen op It Amelân. De PvdA wol net meidwaan oan in minderheidskoälysje mei CDA en VVD. Begjin april stapte de partij Ameland '82 út it kolleezje.

Minderheidskoälysje

Twa ynformateurs kamen ta de konklúzje dat it eilân oant de gemeenteriedsferkiezingen folstean kin mei in minderheidskoälysje. De VVD wie dêr op tsjin, mar tinkt no dat it miskien wol de bêste oplossing is.

Twa of trije wethâlders

Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma hat It Amelân jierrenlang goed funksjonearre mei twa wethâlders. Letter waarden dat der trije, mar der is gjin reden om oan te nimmen dat it eilân de kommende tsien moannen net mei twa wethâlders ta kin, seit er.

PvdA wol net fierder

De fraksje, it bestjoer en de wurkgroep fan de PvdA namen tongersdeitejûn it beslút om net troch te gean mei de koälysjeûnderhannelingen. Yn in ferklearring seit de partij net it gefoel te hawwen dat CDA en VVD har foar de folle hûndert persint ynsette en har folsleine stipe útsprekke.

Earste oerlis

Dat gefoel is by de PvdA ûntstien nei it earste oerlis ôfrûne moandei tusken de trije partijen. Benammen de VVD joech sinjalen ôf dat it net hiel wiis wie om in minderheidskolleezje te foarmjen, seit de PvdA.

Fraachtekens

Neffens de PvdA sette de VVD fraachtekens by de helberheid fan in minderheidskolleezje. Om foar te kommen dat der kostbere tiid ferlern giet, hat de PvdA him weromlutsen út de ûnderhannelingen, skriuwt de partij yn de ferklearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)