''Gaswinning ûnder de Waadsee per direkt stopsette''

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Waadferiening wol dat de gaswinning ûnder it Waad per direkt stopset wurdt, of yn elts gefal fermindere wurdt. Neffens de miljeu-organisaasje docht út in rapport fan de NAM bliken dat de lange termyneffekten fan de gaswinning foar de boaiemdelgong hiel ûnseker binne.
Neffens de Waadferiening moat dy sekerheid der wol wêze, om foar te kommen dat de natuer de effekten fan de boaiemdelgong net mear opfange kin. Dat soe betsjutte kinne dat de foar it Waad karakteristike waadplaten net mear, of minder lang, drûch falle. Dêrmei soe neffens de Waadferiening it unike karakter fan it gebiet op it spul stean.