Hûnderdtritich jier âlde klipper moat toeristen lúkse biede

04 maaie 2017 - 13:12

Skipper Eelke Dijkstra fan Terherne is hast klear mei syn klipper Elbrich. Hy hat wol oardel jier oan it skip wurke, mar no komt de ein yn sicht. En sa komt der nei tsien jier wer in nije klipper yn de toeristyske ferhier.

De 130 jier âlde klipper is in stik lúkser as oare sjarterskippen. Alle twapersoanshutten hawwe nammentlik in eigen badkeamer. De earste toeristen sille op Himelfeartsdei fuort mei de Elbrich.

Mei syn frou Agnes Dijkstra en fiif oaren wurket Dijkstra hurd oan de klipper. Yn totaal is der plak foar 16 minsken. De klipper is ferneamd nei de dochter fan Dijkstra.

Eelke Dijkstra hat jierrenlang skûtsjeskipper west. Oan it begjin fan de iuw waard er mei de Oude Zeug twa kear kampioen yn de A-klasse fan de IFKS.

(Advertinsje)
(Advertinsje)