Cambuur: "Twadde plak is in útdaging"

Cambuur spilet freed de lêste wedstriid fan de kompetysje. In útwedstriid tsjin Jong Ajax. Oars sein: de striid tusken de nûmers twa en trije fan de kompetysje. It ferskil tusken beide ploegen is twa punten yn it foardiel fan Jong Ajax. De Amsterdammers hawwe 73 punten, Cambuur 71. Neffens trainer Sipke Hulshoff sjocht Cambuur it twadde plak as in útdaging. De trainer fan Cambuur ferwachtet in leuke wedstriid, mei twa ploegen dy't op de oanfal spylje wolle.
By Cambuur is op Noureddine Boutzamar nei, hy hat lêst fan de holle, alles fit. Hulshoff docht net geheimsinnich oer de opstelling, dy sil itselde wêze as ferline wike yn de wedstriid tsjin FC Eindhoven. De wedstriid Jong Ajax tsjin Cambuur soe earst ôfwurke wurde yn de Arena, mar dit is feroare. De wedstriid wurdt spile op it trainingskompleks De Toekomst.