Frou (24) stelt tas fol boadskippen yn winkel Cambuurplein

04 maaie 2017 - 10:56
In plysjeauto by de Jumbo op it Cambuurplein - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In 24-jierrige frou hat besocht om yn in winkel oan it Cambuurplein yn Ljouwert in tas fol mei boadskippen te stellen. Se waard trappearre. Plysjes ha de frou oanholden. Mei in boete fan 200 euro mocht se wer nei hûs.

(advertinsje)
(advertinsje)