Ljouwerter (20) rydt sa hurd dat de remskiven rikje

04 maaie 2017 - 10:45
Foto: ANP

In 20-jierrige Ljouwerter hat proses-ferbaal krigen foar gefaarlik rydgedrach. De plysje seach de man mei hege snelheid oer de Bleeklaan en it Vliet riden. Neffens de plysje ried de man hurder as 80 kilometer yn de oere.

Op it Vliet krige de bestjoerder in stopteken. Hy hie sa hurd riden dat de reek fan de remskiven ôfkaam. De man moat in kursus folgje oer rydgedrach yn it ferkear.

Trefwurden: 
plysje te hurd ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)