Plysje Ljouwert útriden foar entûsjaste Ajax-fans

04 maaie 2017 - 10:24
Foto: ANP

De plysje fan Ljouwert moast woansdeitejûn yn aksje komme fanwege in melding fan lûdsoerlêst yn de Schopperhofstrjitte, flakby it Cambuurstadion. Doe't plysjes yn de strjitte oankamen, die al rillegau bliken dat it gong om entûsjaste Ajax-fans. Ajax wûn woansdei de earste heale finale fan de Europa League mei 4-1 fan Olympique Lyonnais.

Letter yn de nacht hawwe Ljouwerter plysjes ek yn de strjitte Zenegroen in warskôging jûn foar lûdsoerlêst

(Advertinsje)
(Advertinsje)