Friezen optimistysker oer takomst eigen provinsje

04 maaie 2017 - 10:04

Friezen binne optimistysker oer de takomst fan de eigen provinsje as oer dy fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau ûnder hast fjouwertûzen Friezen, lid fan it Panel Fryslân. Yn it ûndersyk is sjoen nei it fertrouwen yn polityk en maatskippij. Nettsjinsteande krimp, minder wurkgelegenheid en fergrizing fynt in mearderheid dat it de goeie kant op giet mei Fryslân.

Ek op oare terreinen binne Friezen mear tefreden mei de eigen provinsje. Sa wurdearje se it lokale bestjoer better as it lanlike en it Europeeske. It gemeentebestjoer krijt in 6,3. Mei in 6,2 sit de provinsjale polityk dêr krekt ûnder. De Haagse polityk krijt in 5,6 en de Europeeske politisy in 4,9.

Wichtichste tema: wurk

De ûnderfregen bestimpelje wurk as wichtichste tema foar Fryslân. De helte fan de panelleden fynt dat der te min oandacht is foar Fryslân yn de lanlike polityk. Sy sizze dat it regear net wit wat der libbet yn de provinsje en se wolle mear Fryske keamerleden.

(advertinsje)