Man rekket beknipe ûnder trailer by Aldetrine

04 maaie 2017 - 08:53
Foto: De Vries Media

In man is tongersdeitemoarn oan De Meenthe yn Aldetrine beknipe rekke ûnder in trailer, doe't hy dêr in stien ûnder lizze woe. De trailer glied troch ûnbekende oarsaak fuort, wêrnei't de man derûnder kaam. Meardere helptsjinsten rieden út, wêrûnder de traumahelikopter fan Eelde Airport.

De brânwacht hat it slachtoffer ûnder de trailer wei helle. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De arbo-ynspeksje docht fierder ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Aldetrine trailer beknipe
(Advertinsje)
(Advertinsje)