Kollum: ''Mem-app''

04 maaie 2017 - 08:20

''Goeiemoarn Jakob, ik wol it ha oer klean. Ik tocht dat it gedoch mei klean makliker wurde soe mei dat je âlder wurde. Mar ik fernim dat dit net wier is. No’t ik stadichoan in tritiger begjin te wurden, kin ik sizze dat it hieltyd mear gedoch wurdt.

Juster gong ik noch behoarlik op myn bek. Der wurdt neist myn hûs hjir yn Amsterdam boud oan in hotel. Mar der is wat mis gongen op myn dak, en ik moast even nei de útfierder. Die woe it even sjen, dus wy de treppens op. Oeral boufakkers en stukadoaren. En sa stie ik mei myn goede learen skuontsjes yn de pleister.

Hiel slim wie it net, mar je stean dochs gau wer tsien minuten mei in boarstel ûnder in kraan te griemen. En goed foar de skuon is it ek net.

Ik ha leuke klean, al sis ik it sels, mar ik pak dochs gau wat boppe-op leit. Sûnder nei te tinken wat ik dwaan sil. Doe’t ik twa wiken lyn yn ‘e tún fan myn sus oan it wurk wie, kaam ien fan myn nijste broeken ûnder de modder. It giet der wol wer út, mar ik tocht al even: wêr is dit mis gien.

Eartiids hie ik gewoan âlde klean oan mei sokke putsjes. En doe besefte ik ynienen: ik ha hielendal gjin âlde klean mear. Alteast, gjin klean mear dy’t sa bestimpele binne.

Klean dy’t op binne, of dêr’t ik myn nocht fan ha, bring ik nei de kringloop. Soms is in trui of broek noch prima, mar, sa betink ik dan: dêr hat in oar dan ek noch wat oan. Myn hûs is te lyts om alles mar te bewarjen, dus it giet fuort.

Ik skamje my al in bytsje foar hoe’t dat soms giet. Mar hast by de H&M foar 7,95 in T-shirt. Wannear’t my dat nei in pear kear dragen net mear sint, dan giet it de kleanbak yn. Dan hat in oar der noch wat oan, mar it is fansels net sa bêst. Mei de ferhalen oer it útstrûpen fan wurknimmers yn earme lannen.

Ik ha wol in idee om myn leven wat te betterjen. Ik wol in app, dêr’t al myn klean yn stean. En alle kearen wannear't ik dan in T-shirt of in broek oan doch, dan fier ik dat dêr yn. De app wit ek wat de priis wie fan it kleanstik, doe’t ik it kocht. En dan moat ik it kleanstik sa faak drage, oant de broek of it T-shirt noch mar in euro per beurt kostet.

Stel datst in broek fan 80 euro hast. Dan moatst ‘m tachtich kear oan ha, en dan is it in euro per beurt. Dan kinst ‘m ‘âld’ neame. Of mei der fuort. Skuon eksakt itselde: ik mei pas nije skuon keapje wannear't dy’t ik no oan ha minder as in euro per draachbeurt mear kostje. Of tsien sint, watst mar wolst. In geweldich idee, fyn’st net? Ik claim hjirby it patint!

Mar dit wurket fansels hielendal net sa. Die app, dat wurdt niks. Ik wol in oare app. Ien dy’t seit: ‘Dit is no wol in âlde broek.’ Of shirt. Of wat dan ek. Dan is it dúdlik, foar my.

Eigentlik wol ik dus in soarte fan mem-app. In app dy’t freget ‘wêr giesto hinne’, wannear't ik de foardoar oanreitsje.

‘Nei de buorlju om mei de útfierder te praten’. En dat de app dan seit ‘doch even oare skuon oan.’ En wannear't ik foar in belangryk petear de doar út gean: ‘mei dy broek?’ Sjoch, soks, dat soene se útfine moatte. Super yrritant, mar dan wurdt myn gedoch mei klean al in stik oersichtliker.''

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
Botte Jellema De Toan fan
(Advertinsje)
(Advertinsje)