PvdA-fraksje It Amelân lûkt him werom út ûnderhannelings

04 maaie 2017 - 06:11

De fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan It Amelân hat him weromlutsen út de ûnderhannelingen oer in nije koälysje. De partij sil gjin wethâlder leverje. De nije koälysje soe njonken de PvdA út CDA en VVD bestean moatte. Dêrmei wie der sprake fan in minderheidskolleezje. De fraksje, it bestjoer en de wurkgroep fan de PvdA namen tongersdeitejûn lykwols it beslút om net troch te gean mei de ûnderhannelingen. Yn in ferklearring seit de partij dat se net it gefoel hawwe dat CDA en VVD har foar de folle hûndert persint ynsette en har folsleine stipe útsprekke.

Dat gefoel is by de PvdA ûntstien nei it earste oerlis ôfrûne moandei tusken de trije partijen. Benammen de VVD joech sinjalen ôf dat it net hiel wiis wie om in minderheidskolleezje te foarmjen, seit de PvdA. Neffens de partij sette de VVD fraachtekens by de helberheid fan sa'n kolleezje. Om foar te kommen dat der kostbere tiid ferlern giet, hat de PvdA him no werom lutsen út de ûnderhannelingen, skriuwt de partij ek noch yn de ferklearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)