Soargen oer jild foar opkreazjen gebiet Sintrale As

03 maaie 2017 - 22:18
Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

De lêste faze yn it opkreazjen fan it gebiet by de Sintrale As tusken Dokkum en Nijegea komt net hiel hurd op gong. De gebietskommisje moat hieltyd de striid oangean mei de provinsje om jild te krijen foar maatregels dy't it gebiet mei in saneamde 'plus' achterlitte moat. Dan giet it bygelyks om de oanlis fan nije kuierpaden. Der binne ôfspraken makke mei doarpen oan de rûte. De provinsje moat der dan ek foar soargje dat der jild is om de plannen út te fieren, seit foarsitter Bertus Mulder fan de gebietskommisje.

Der is no noch in tekoart fan 5,5 miljoen euro. Deputearre Steaten beslute ynkoarten wat se mei de kwestje oan moatte. Der kinne bêst saken net trochgean, fynt Mulder, mar net om it jild.

Trefwurden: 
Sintrale As kuierpaden
(Advertinsje)
(Advertinsje)