Snackbar Aldskoat oerfallen, plysje siket oerfaller

In snackbar oan de Archimedeswei yn Aldskoat is woansdeitejûn om kertier foar tsienen oerfallen. De dieder is op de flecht slein, it giet om in donkere man. Hy hie in spikerbroek oan en in reade sweater mei kapusjon fan it merk Adidas. It is net dúdlik oft der in wapen brûkt is en oft de man wat meinommen hat.
De plysje hat nei de man socht fia burgernet en mei in speurhûn, mar hat de fertochte net fûn. Wa't de man sjocht, moat sels neat dwaan, mar de plysje op it alaarmnûmer 112 belje.