Yvonne Nauta mist foarseizoen troch brutsen skonk

03 maaie 2017 - 20:26

Reedrydster Yvonne Nauta hat woandeitemiddei by in training yn de bosk by Oranjewâld meardere breuken oprûn yn 'e rjochterskonk. By it meitsjen fan saneamde 'reedrydsprongen' kaam se ferkeard del. Dat meldt har ploech Lotto-Jumbo.

De nûmer fjouwer fan it EK-allround fan dit jier sil yn alle gefallen operearre wurde moatte. It is noch net bekend hoe lang oft se út de rûlaasje wêze sil, mar in grut part fan it foarseizoen sil se misse moatte.

Trefwurden: 
Yvonne Nauta reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)