Klimmatsjes rêde podden yn putsjes fan ferdrinkingsdea

© ANP
In soad podden ferdrinke yn strjitputsjes, mar op It Amelân hawwe se dêr wat op útfûn. Se pleatse útklimmatten yn de kolken, sadat de bistjes der op eigen krêft út klimme kinne.
Podden bedarje by de maitiidstrek wol gauris yn in strjitputsjes, mar soms krûpe se der by hjit waar ek sels yn om ferkuolling te sykjen. Earder waarden der klimroasters en eilantsjes yn de putsjes pleatst. Dy moasten dan noch wol geregeld kontrolearre wurde. Mei de útklimmatsjes hoecht dat net mear. De bisten rêde har en it rioelûnderhâld kin gewoan trochgean.